Offal te faak neist kontener

20 jun 2011 - 20:59

Ynwenners fan de binnenstêd fan Ljouwert smite te faak ôffalpûden njonken de kontener yn stee fan deryn. De ôfrûne jierren is in grut part fan de âlde konteners ferfongen troch ûndergrûnske bakken.

Dat soe in skjinner strjitbyld opsmite moatte, mar oant no ta liedt it ta grutte ôffalbulten op strjitte. Gemeente, wenningkorporaasjes en ôffalferwurker Omrin komme yn aksje. Se sykje de bewenners thús op om mei harren te praten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)