Mear kannabisferslaafden

It tal Fryske kannabisferslaafden is yn de ôfrûne twa jier eksplosyf tanaam. Yn 2010 sochten yn totaal 441 minsken de help fan ferslavingssoarch Noard-Nederlân. Yn 2008 wiene dat der noch 291. De ferslaafden soargen boppedat foar folle mear oerlêst. Se komme faker yn problemen mei de plysje en hawwe ek faker psychyske problemen.
Neffens de ferslavingssoarch komt dat ûnder oare troch de sterkere weed. Dertroch is de kâns op ferslaving grutter en is mear help nedich.