Nije MRI-scan De Sionsberg

20 jun 2011 - 19:24

Mei in nije MRI-scan ferwachtet sikehûs De Sionsberg gauwer en better medyske ûndersiken dwaan te kinnen. It âlde scanapparaat wie 7 jier âld en is ferfongen troch ien mei mear funksjes.

De nije masine hat nije techniken wêrtroch't al yn in ier stadium foar pasjinten dúdlik is wat har al of net mankeart. Yn de Sionsberg wurde jierliks rûchwei 2500 minsken mei de MRI-scan ûndersocht. It tal ûndersiken nimt alle jierren mei sa'n 5 persint ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)