David Meul nei Willem II

David Meul (foto: Dirk Jan Haarsma, Omrop Fryslân)
David Meul, de keeper fan Cambuur yn de lêste twa seizoenen, hat foar twa jier tekene by Willem II. De 29-jierrige Meul krige by de Ljouwerters gjin nij kontrakt. Hy spile de ôfrûne twa jier alle wedstriden. Dêrfoar spile er foar Fortuna Sittard.
Earder waard al bekend dat ek Danny Guijt fan Cambuur nei Willem II ferhuzet. By Cambuur sille Robbert te Loeke en Marco Bizot yn de tarieding op it nije seizoen stride om it plak fan earste keeper.