De Burcht hat skoalkarmerk

20 jun 2011 - 16:13

Kristlike basisskoalle De Burcht op It Hearrenfean is de earste skoalle yn Nederlân mei in karmerk fan de nije stichting Leraar Leerling Ouder (LLO). De bekende presintator Jörgen Raymann is boechbyld fan it LLO en hy ûntbleate it buordsje boppe de foardoar fan de skoalle op It Fean.

De skoalle foldocht oan de útgongspunten fan de stichting. Dat binne ferantwurdelik foar de bêste learsituaasje, lykweardigens en ferantwurdlikens foar inoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)