'Stofsûger' tsjin rûp yn beam

20 jun 2011 - 15:38

Bestriders fan de ikeprosesjerûp stean dizze dagen mei in soart stofsûgerslang beammen rûpfrij te meitsjen. De ikeprosesjerûp komt hieltyd fierder de provinsje yn. Oant twa jier ferlyn kaam er hjir net foar. No binne it al twa kear safolle as ferline jier. Troch it moaie waar binne de rûpen ek nochris earder as oars.

De ikeprosesjerûp hat gjin natuerlike fijannen. Yn Súd-Nederlân wurde net iens mear alle rûpen fuorthelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)