Boekebeurs yn WTC Expo súkses

20 jun 2011 - 14:17

Op it Boekenfestijn yn Ljouwert binne de ôfrûne dagen tusken de 50.000 en 100.000 boeken ferkocht. De ferkeap wie yn it WTC Expo en fergees tagonklik. De organisaasje fan de boekebeurs is hiel tefreden mei it resultaat.

De boekebeurs hat likernôch 25.000 besikers lutsen. Dêrmei hie Ljouwert de measte minsken fan alle plakken dêr't de beurs foar it earst hâlden waard. Takom jier is der wer in boekefestijn yn it WTC Expo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)