Gjin Tour foar Pieter Weening

20 jun 2011 - 13:57

Pieter Weening docht dit jier ek net mei oan de Ronde fan Frankryk. Technysk directeur Erik Breukink fan de Rabobankploech hat mei de ploechleiders Adri van Houwelingen en Frans Maassen keazen foar in ploech mei fiif Nederlanners, trije Spaanske hurdfytsers en ien Dútser.

It is foar de tredde kear op rige dat Weening net mei giet nei Frankryk. Yn de jierren 2005 oant en mei 2008 ried er fjouwer kear de Tour, mei yn syn debútjier in etappewinst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)