Stúdzje sosjale media oan NHL

20 jun 2011 - 12:14

Oan de NHL yn Ljouwert is it tenei mooglik sosjale media te studearjen. De hegeskoalle stelt dêr in lektor foar oan. De kommende fjouwer jier begeliedt dy in groep dosinten en studinten by ûndersyk nei websites lykas Facebook en LinkedIn, en Twitter. De fraach is hoe't bedriuwen en ynstellings mei sosjale media omgean moatte.

Achmea betellet mei oan it lektoraat. De soarchfersekerder is sels ek ûnderdiel fan it ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)