Twadde koperdief oanhâlden

Foar stellerij fan koper op It Hearrenfean is dit wykein in twadde fertochte oanhâlden. It giet om in 24-jierrige man út dat plak. Ferline wike waard de earste dief oppakt. De 34-jierrige Feanster waard sjoen doe't er koper fan in rôle by in skoalle oan de Wulpstrjitte meinaam. Bliken die dat dy man help hân hie fan in oarenien. Dy is no ek oanhâlden.
De twa fertochten hawwe bekend. By harren thús is it koper fûn. Dat is yn beslach naam.