PVV: Omrop bliuwt selsstannich

20 jun 2011 - 10:05

De PVV-steatefraksje fynt ek dat Omrop Fryslân selsstannich bliuwe moat. Dêrmei stipet de partij deputearre Jannewietske de Vries. Minister Marja van Bijsterveldt wol dat yn it nije mediabestel de regionale omroppen nei Nederlân 3 gean. De omroppen moatte mei-inoar yntegrearje omreden fan besunigings.

De PVV fynt soks net yn it belang fan de Fryske taal en kultuer. Dat fertsjinnet in breed eigen poadium yn de media.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)