Frysk poadium yn Drachten

© Omrop Fryslân
By de froulju wie der snein in folslein Frysk poadium yn de loop 'De 8 fan Drachten'. Dêrop stiene Jessica Oosterloo fan Appelskea, Ylona Kruis út Ysbrechtum en Inge van Schaik út Ljouwert. De rinners drave 8 kilometer fan Beetstersweach nei Drachten.
Atleet Adriaan Franssen fan Assen wie de bêste man. Remco Bijlsma út Koarnjum twad op acht tellen efterstân, tredde waard Edwin Slijkhuis fan Grins. Mei 1030 dielnimmers waard in rekôr fêstige.