Fûgelnêsten fuortspield

Jonge leppelbek op nêst yn bûtendyks lân (foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân)
Fûgelnêsten yn it Waadgebiet binne fuortspield troch it hege wetter. Dat ûnstie snein troch springtij en hurde wyn. Oan de Fryske Waadkust, op de eilannen en op Grynt is bûtendyks lân en legere dielen ûnderstrûpt. Op de pôlen stiet it wetter betiden oan de simmerdiken ta. Dêr is sels al fee fuorthelle.
De piken dy't al wol útkaam binne, besykje op hegere grûnen te kommen. It is noch mar de fraach oft de piken it kâlde en wiete waar oerlibje.