Nonstop roeie op de Wolga

Roeiploech Tréwes út Aldeboarn hat op de Wolga de Crazy River Race dien. Se hawwe der 130 kilometer nonstop roeien op sitten. De Boarnsters diene foar de twadde kear mei oan de race yn Ruslân. Fjouwer jier ferlyn wiene se der ek al by. De wedstriid set yn Samara op sawat 1000 kilometer súdwestlik fan Moskou út ein.
Fanwege it minne waar waard de race ynkoarte. Eins hiene de dielnimmers noch 30 kilometer fierder roeie moatten.