Grouster pakt mei kokaïne

19 jun 2011 - 13:00
Argyffoto: Omrop Fryslân

Yn Grou is yn de nacht fan sneon op snein in 25-jierige ynwenner fan dat plak oanhâlden foar drugshannel. De man waard trapearre yn in hoarekesaak oan de Trochbraak.

Personiel fan de saak fûn fjouwer wikkels mei kokaïne en warskôge de plysje. Dy hat de man meinaam nei it buro. De drugs binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)