Topdei turnskoalle Hearrenfean

18 jun 2011 - 19:17

Yn hast alle klassen hat Turnsintrum Sportstêd Hearrenfean sneon in gouden medalje helle op it Nederlânsk kampioenskip. By de froulju waard Céline van Gerner Nederlânsk kampioen op de mearkamp krekt foar Joy Goedkoop.

By de jeugd pakte Lisa Top goud. Mei in puntetotaal fan 53 punten wie se by de senioaren as tredde einige. Yn de jeugd-klasse wie der winst foar Jin Yi Hoekstra. Snein binne noch de tastelfinales op it NK turnjen. Dan sil ek Epke Zonderland him sjen litte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)