Man skeint kontaktferbod

18 jun 2011 - 17:51

In ynwenner fan Norg is freedtejûn op It Hearrenfean oanhâlden omdat er in kontaktferbod skeind hat. Omdat er syn freondinne mishannele hie, mocht er fan de rjochter gjin kontakt sykje mei de frou of yn de buert fan har hûs komme.

De man belle by de frou oan doe't der in helpferlienster fan froljusopfang Fier Fryslân by har wie. De man is oanhâlden troch de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)