Jeugdorkest wol Parnas hâlde

18 jun 2011 - 16:33

It Frysk Jeugd Orkest fiert aksje tsjin de sluting fan Parnas. De gemeente Ljouwert wol besunigje op it sintrum foar de keunsten, mar neffens it jeugdorkest is dat in probleem. In soad jonge muzikanten hawwe de muzyklessen folge by Parnas en kinne sa by it Frysk Jeugd Orkest spylje. In sluting kin grutte gefolgen hawwe.

As ludike aksje wie der fergees in konsert yn de Harmonie yn Ljouwert. It soe eins bûtendoar, mar dat koe net fanwege it minne waar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)