Koperkabel by skoalle stellen

18 jun 2011 - 14:54

In 34-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean is freedtejûn let oanhâlden foar koperstellerij. In tsjûge hie de plysje warskôge dat in man by in skoaltsje oan de Wulpstrjitte dwaande wie in stik koperkabel fan in rôle te stellen.

De dief naaide út, mar koe eefkes letter op it Kattebos oanhâlden wurde. By him thús fûn de plysje noch mear stellen koper.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)