Soarchpleatsen sels yn noed

18 jun 2011 - 12:57
Soarchpleats Moai Seldsum yn Oentsjerk

Fryske soarchbuorkerijen diene sneon yn mineur de doarren iepen foar in iepen dei. De eigners biede opfang en soarch oan kliïnten, mar hawwe sels ek soargen oer de takomst. It ryk snijt flink yn de soarch en benammen yn it pgb, it persoansbûne budzjet. Foar in soad kliïnten is it dan noch mar de fraach oft se opfang op de soarchpleats betelje kinne.

Takom tongersdei wurdt yn Den Haach aksje fierd tsjin de besunigings op it pgb.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)