Dronryp wint FK jeu de pelote

17 jun 2011 - 22:15

Dronryp is freedtejûn, nei in prachtige finale, winner wurden fan it 13e iepen Frysk kampioenskip jeu de pelote. Op It Plein fan Easterlittens waard Easterein mei alles oan de hang ferslein. Yn de finale, tsien spul út, kaam Dronryp mei 3-0 foar. By it skoft wie it 5-2 foar de Rypsters.

Yn it twadde part fan de finale begûn Easterein better te keatsen. It waard 6-6 en 9-9. Op 9-9 en 40-40 koe Easterein de keats net foarby slaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)