Kaarten stjoere foar Oerol

Direkteur Joop Mulder bliuwt striidfeardich
Besikers fan Oerol wurdt frege om in aansichtkaart nei Den Haach te stjoeren. Net mei freonlike groetnis, mar as aksje tsjin de besunigings. De organisaasje hat dêrfoar spesjaal tsientûzenen kaarten drukke litten. It festival hopet dêrmei te berikken dat se har subsydzje behâlde kinne.
Oerol hat dit jier syn 30e edysje mei mar leafst 33 premjêres. Oer de min waar foarsizzings meitsje se har op it eilân noch net drok.