Tsjûgen poging deaslach socht

17 jun 2011 - 19:59

De plysje is op syk nei tsjûgen fan in besykjen ta deaslach op Himelfeartsdei tusken healwei tsienen en tsien oere jûns. In famke fan 18 waard troch trije oare froulju mishannele nei't se in pakje sigaretten kocht hie by de benzinepomp oan de Drachtsterwei yn Ljouwert.

Doe't se út de winkel fan de BP kaam waard se troch trije oare froulju, ien blanke en twa mei in tinte hûdskleur, skopt en treaun oant se út de tiid rekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)