Spilers Tryater bliid mei help

Dûmny Zelle luts útferkochte sealen (foto: Omrop Fryslân)
De akteurs fan Tryater binne bliid dat de VVD-, CDA- en PVV-Keamerfraksjes wolle dat it teaterselskip yn de basisfoarsjenning bliuwt. De fraksjes tsjinje dêr in moasje foar yn op it debat oer de besunigings op 27 juny. Dan praat de Twadde Keamer oer de kultuerbesunigings. De trije partijen fine dat Tryater rjocht hat op subsydzje.
Foarsitter Bilker fan Tryater is bliid mei de moasje, mar wol it Keamerdebat ôfwachtsje.