Schuil útskeakele yn Rome

Schull en Nummerdor op argyfbyd (foto: Omrop Fryslân)
Ald-Ljouwerter Richard Schuil en syn maat Reinder Nummerdor binne yn de earste ronde fan de knock-out-faze útskeakele op it wrâldkampioenskip beachfollybal yn Rome. It Nederlânske topduo ferlear yn twa sets (17-21 en 22-24) fan it Italiaanske duo Paolo Nicolai en Matteo Martino.
Schuil en Nummerdor wiene yn de pûlfaze noch sûnder ferlies. Alle trije wedstriden waarden wûn. It Nederlânske duo waard sjoen as medaljekandidaat op it WK.