Frouljusteam Hearrenfean klear

SC Hearrenfean hat de frouljuseleksje foar takom seizoen folslein. Nei it fuortgean fan de twa ynternasjonals Sylvia Smit en Shanice van der Zanden en ek Jorike Olde Loohuis en Aafke de Hoek hat de ploech him fersterke mei fjouwer noardlike talinten. Dat binne Bernou Hylkema, Yvonne Ploeg, Maruschka Waldus en Vivianne Miedema.
Bernou Hylkema is jeugdynternasjonal en komt oer fan VV Oerterp. Oanfalster Yvonne Ploeg spile oant foar koart by VV Gruttegast.