Tryater mooglik dochs rêden

17 jun 2011 - 12:47

Tryater liket dochs noch ryksjild te krijen. It kabinet hat it selsskip út de basisfoarsjenning kultuer helle om 1,9 miljoen euro te besunigjen. Mar dat liket no net troch te gean.

De Twadde Keamer moat noch in beslút nimme oer de basisfoarsjenning. De fraksjes fan VVD en CDA komme dan mei in moasje dat Tryater wer opnaam wurde moat yn dy basisfoarsjenning. Se hawwe dochs noch jild fûn foar it Fryske teaterselskip. Dêrmei soe de takomst fan Tryater feilichsteld wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)