Litouwer stelt sieraden

In Litouwer fan 21 jier wurdt fertocht fan ynbraken yn twa huzen yn Burgum. Mooglik hat er by noch mear huzen taslein. De plysje siket nei twa helpers, mooglik ek Litouwers. It trijetal naam moandeitejûn út in hûs oan de Nijboerstrjittte yn Burgum sieraden mei. Letter dy nacht brutsen se ek yn by in hûs oan de Tuskendiken.
De 21-jierrige fertochte is oppakt troch de plysje. De oare twa koene útnaaie. Minsken dy't de Litouwers sjoen hawwe, kinne belje mei de plysje.