Nij Saailân: 59 fonteintsjes

17 jun 2011 - 12:05

It nije Saailân hâldt romte genôch foar de freedsmerk, terrassen en de merke. De nije ynrjochting fan it plein is freed bekend makke. Yn de natuerstiennen beflierring fan it plein sitte 59 fonteintsjes. LED-lampkes meitsje it by jûntiid sfearfol.

De aparte rydbanen foar ferkear fan it âlde plein komme net werom. It nije Saailân komt op deselde hichte te lizzen as de strjitten. Bussen moatte harren oanpasse oan fuotgongers en fytsers. It wurk moat yn 2012 dien wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)