'Ljouwert moat ZZP'ers helpe'

17 jun 2011 - 11:55

De PvdA en de SP yn Ljouwert fine dat de gemeente mear dwaan moat foar ZZP'ers en lytse bedriuwen. Guon kinne by banken dreech in liening krije. De gemeente soe mei oare partijen in finansieringsregeling betinke kinne.

Boppedat moat der in kollektive arbeidsûngeskiktheidsfersekering komme. By it finen fan gaadlike, net te djoere bedriuwromte kin de gemeente ek in rol spylje, fine beide partijen. Wethâlder Deinum sil sjen wat de gemeente deroan dwaan kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)