Sintrum Woudagemaal djoerder

17 jun 2011 - 10:46

De gemeente Lemsterlân betellet nochris 20.000 euro ekstra foar it nije besikerssintrum Woudagemaal. It gebou falt 70.000 djoerder út as de bedoeling wie. De Stifting ir. D.F. Woudagemaal kin sels 50.000 euro op it kleed lizze. It nije besikerssintrum kostet mei-inoar 3 miljoen euro. Earder betelle de gemeente ek al 100.000 euro foar it gebou.

It Woudagemaal is it iennige noch wurkjende stoomgemaal fan de wrâld. It stiet sûnt 1998 op de Wrâlderfguodlist.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)