Danny Guijt nei Willem II

17 jun 2011 - 10:23

SC Cambuurmiddenfjilder Danny Guijt spilet takom seizoen foar Willem II. Hy set sneon de hantekening ûnder in 2-jierrich kontrakt, mei in opsje foar noch in jier. De 30-jierrige middenfjilder kaam by Cambuur net yn oanmerking foar in nij kontrakt. Hy mocht transferfrij fuort.

Guijt spile de ôfrûne trije seizoenen hûndert wedstriden by Cambuur. Hy makke tolve kear in doelpunt. Sparta en RKC Waalwyk woene him ek wol hawwe as nije spiler.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)