Pallets wetterbuizen stellen

17 jun 2011 - 10:04

By in bedriuw yn Surhústerfean binne yn de nacht fan woansdei op tongersdei fiif houten barten mei wetterbuizen stellen. De skea is mear as 15.000 euro.

De plysje tinkt dat ferskate minsken by de ynbraak belutsen west hawwe. De barten mei de buizen binne tige swier. Mooglik binne se op in frachtwein laden en sa ôffierd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)