Parkbrochje Harns ôfsein

16 jun 2011 - 21:58

De organisaasje fan it Harlinger Parkontbijt hat it moarnsbrochje fan no sneon in wike ferskood. Nei oerlis mei ferskate ynstânsjes mei ferstân fan waar is besletten it brochje net troch gean te litten. Der wurdt foar no sneon in protte rein ferwachte.

Minsken dy't al kaarten kocht hiene foar it brochje kinne se ek op de nije datum brûke. Minsken dy't op de nije datum net kinne, meie har kaarten werom bringe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)