Fryske selliste nei New York

De Frjentsjerter selliste Dana de Vries mei yn novimber nei New York foar in konsert yn de ferneamde Carnegiehall. Ofrûne woansdei moast De Vries it yn it konsertgebou yn Amsterdam opnimme tsjin 14 oare kandidaten. Neist Dana de Vries waarden ek noch in sopraan en in gitaartrio keazen foar it konsert.
De Vries sit yn it earste jier fan it konservatoarium yn Grins. It konsert wurdt organisearre troch it Netherlands American Community Trust.