Dochs pontons Feanhoopfestival

Feestponton
De gemeente Smellingerlân besjocht mei de jongerein oft it dochs mooglik is pontons ta te stean op it Feanhoopfestival. De gemeente woe de pontons fan de jeugd ferbiede. Dat hawwe se de jeugd yn in brief witte litten. De jeugd soe te folle lûdsoerlêst feroarsaakje.
De jongeren hawwe ideeën hoe't dy oerlêst beheind wurde kin. Dy ideeën binne mei de gemeente bepraten. De gemeente sil dêr no nei sjen.