Priis foar fûgelbehear Snits

16 jun 2011 - 17:43

De gemeente Súdwest-Fryslân hat tongersdei de Stedsfûgelpriis fan de Fûgelbeskerming wûn.

De gemeente hat de priis krigen om't se ferline jier mei boargers, organisaasjes en de praktykskoalle De Diken besocht hawwe om Snits wat fûgelfreonliker te meitsjen. Sa binne der 500 moskenestkasten makke en ophongen yn parken en tunen. De priis is in sjek fan tweintichtûzen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)