Pontons ferbean by De Feanhoop

It Feanhoopfestival kin net sûnder pontons. Dat sizze de jongeren dy't nei it festival geane. Alle jierren komme der in soad jongeren op grutte boaten nei it festival ta mei dêrop grutte muzykynstallaasjes. De gemeente Smellingerlân krijt in soad klachten fan lûdsoerlêst.
Yn in brief oan de jongeren skriuwt de gemeente dat de boaten net mear tastien binne. De jongeren binne it dêr net mei iens. Se prate tongersdeitejûn mei de gemeente.