Kevin Diaz nei Fortuna

Ald-Cambuur spiler Kevin Diaz spilet takom jier foar Fortuna Sittard. De Frânsman hat in kontrakt tekene foar twa jier by de Limboargers. Diaz spile de ôfrûne twa seizoenen foar SC Cambuur dêr't hy yn 61 wedstriden 10 doelpunten makke hat.
De 28-jierrige oanfaller kaam by Cambuur net langer yn de plannen foar fan it technysk duo Alfons Arts en Henk de Jong. It kontrakt fan Diaz waard net ferlingd en hy giet no transferfrij nei Fortuna Sittard.