Protestfilm besunigings op tv

It NNO docht ek mei oan it protest
It protestfilmke fan 17 kulturele ynstellings yn it Noarden wurdt tongersdei foar it earst útstjoerd op televyzje. De spot is te sjen op de lanlike televyzje.
Yn it filmke protestearje de ynstellings tsjin de besunigings yn de kultuersektor. De kommende dagen wurdt de spot 20 kear útstjoerd. It filmke is ferline wike yn Grinslân opnaam.