Ugandeesk koar yn Ljouwert

In bernekoar út Uganda wie tongersdei op besite yn Ljouwert. Se wiene by skoalmienskip Comenius en joegen workshops sang, dûns en djembee.
It Kidsgear Children's Choir bestiet út weesbern. Se wolle mei har besite bekendheid jaan oan it projekt UP4S. Dat projekt soarget derfoar dat bern dy't gjin âlders mear ha of net nei skoalle kinne, in thús en in oplieding krije. It koar docht ek Dokkum oan. Freed binne der konserten yn Drachten en Garyp.