Snits en Drylts sûnder stroom

16 jun 2011 - 14:23

Snits en Drylts binne tongersdeitemiddei troffen troch in stroomsteuring. Dy begûn krekt foar healwei twaen en duorre oardel oere. It gie om 2450 oanslutings.

Wat de oarsaak is, wurdt noch útsocht. Netwurkbehearder Liander hat der earst foar soarge dat se wer stroom krije, dat wurdt dien fia in reservekabel.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)