Jirpels op wetter tele

16 jun 2011 - 12:50

Jirpels moatte net yn de kâlde grûn teeld wurde, mar op wetter. Dat fynt it bedriuw Livingfoods. It bedriuw út Ljouwert teelt krieltsjes op nije, duorsume wize. Dat wurdt dien yn kassen. De jirpels ha allinnich dong, wetter en ljocht nedich.

De bedoeling is dat oare bedriuwen ek trochgean mei dizze teelt. De metoade is foaral goed om in soad poatjirpels te krijen. It hydro-systeem is in idee út Australië en yn Ljouwert trochûntwikkele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)