Brânwacht lit fals alarm sitte

16 jun 2011 - 12:36

De Fryske brânwacht reagearret tenei net altyd op automatyske brânmeldingen. Fan alle hast 2000 automatyske meldingen wie ferline jier de helte om 'e nocht. Sa'n falsk alarm komt troch in steuring yn it systeem of smoke ûnder in reekmelder.

De fergese meldingen kostje de brânwacht in soad tiid en jild. Oer de nije oanpak is in akkoart berikt mei minister Donner. Bedriuwen moatte tenei sels soargje dat in gebou ûntromme wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)