Komkommer lûkt wer wat oan

16 jun 2011 - 12:15

It imago fan de komkommer is beskeadige troch de EHEC-affêre. De komkommer is yntusken frijsprutsen fan besmettingskuld. De ôfset lûkt wer wat oan.

Kweker Tsjipke Hibma fan Seisbierrum hopet dat de konsumint it fertrouwen gau werom krijt. Hy is bliid dat er net mear 10.000 komkommers deis fuort hoecht te smiten. Hibma hopet dat de prizen no ek wer wat heger wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)