Treinsteuring by Snits wer oer
Tusken Ljouwert en Snits rieden tongersdeitemoarn gjin treinen. Dat kaam troch in wikselsteuring by Snits. De steuring hat in skoft duorre, mar is ûnderwilens ferholpen.
Sûnt 12.00 oere ride der wer treinen. De bussen dy't ProRail besteld hie, binne yntusken wer ôfsein.