Boete foar ferbrânen ôffal

16 jun 2011 - 11:47

In ynwenner (47) fan Nijemardum hat woansdei in boete krigen. Hy wie yllegaal ôffal oan it ferbaarnen. De man stuts op De Bremer Wyldernis alve autobannen, twa brommers, oaljefetten mei ark deryn en motorûnderdielen yn de brân. Grutte, swarte reekwolken wiene it gefolch.

De brânwacht moast it fjoer blusse.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)