Plysje: kliko moarns by de dyk

De plysje warskôget om ôffalkontainers net alfêst jûns oan 'e dyk te setten. Op ferskate plakken yn de provinsje binne de ôfrûne tiid kontainers yn 'e brân stutsen. Dêrby ûnstie net inkeld skea oan de kontainers, mar ek oan auto's, skuttings, hagen en wenningen. De plysje advisearret dêrom kontainers pas op de dei fan it leegjen oan 'e dyk te setten.
Minsken dy't wat witte fan de brânstiftings wurde frege kontakt op te nimmen mei de plysje.