Fytsferhier Skylge op 3e plak

Fytswinkel De Groot op Skylge is tredde wurden by de ferkiezing fan bêste fytsferhierbedriuw fan Nederlân. Dat docht bliken út in test fan de ANWB. De Groot krige in 7.6 as sifer. Winner Schepens Tweewielers út Oisterwijk krige in 8.3.
De ANWB advisearret hierders goed de betingsten yn de hierkontrakten te lêzen. As in fyts stellen wurdt, kinne hierders samar oanspraaklik steld wurde.