Boat Skier fart minder faak

De fearboat fan en nei Skiermûntseach fart minder faak. Fan desimber ôf fart de boat om de trije oeren. No is dat noch om de twa oeren. Dat hat Rederij Wagenborg besletten nei posityf advys fan de gemeenteried fan it eilân.
Mei de nije regeling wol de rederij de ûndernimmers en toeristen temjitte komme. Dy kinne langer op it eilân bliuwe. Guon eilanners binne der net bliid mei. De lêste boat nei it eilân giet healwei sânen. Dêrmei komme se in oere letter thús.